Fragen SP oer blauwe dyk

De blauwe dyk ropt diskusje op
De SP yn Smellingerlân hat syn betinkens by it blauferverjen fan de dyk Mûnein yn Drachten. It is de fraach oft dit in goede besteging fan belestingjild is, sa freget de partij him ôf. Boppedat is it net goed foar it miljeu om liters ferve op it asfalt te spuitsjen.
De partij stelt fragen oer de saak oan boargemaster en wethâlders. De leden wolle witte út hokker pot it keunstprojekt betelle wurdt.