Grutte fleanshow op Amelân

02 apr 2007 - 17:14

Der wurdt ein juny in grutte fleanshow hâlden op it fleanfjild fan it Amelân. Tsientallen fleantugen dogge der oan mei. It evenemint wurdt organisearre fanwege it 50-jierrich bestean fan it fleanfjild by Ballum. De offisjele iepening wie op 21 july 1956.

Neist fleantugen is der ek muzyk. De festiviteiten wurde betelle út finansjele bydragen fan de gemeente Amelân en it bedriuwslibben op it eilân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)