Soad ûndúdlik oer deade frou
De plysje hat 14 man op de saak fan de deade frou yn Snits set. Har stoflik omskot waard snein yn de Woudfeart fûn. It giet om in 57-jierrige Dútse frou. Hoe't se omkommen is, is net dúdlik. Om't de omstannichheden fertocht binne, is de freon (59) fan de frou oanhâlden. Hy sit fêst.
Dûkers hawwe moandei noch socht nei persoanlike besittingen, mar dat smite neat op. It Dútse stel komt al jierren nei jachthaven Aquanaut yn Snits.