Webcams yn natuergebieten

yn it Lauwersmargebiet siket men om in plakje foar in webcam
It bedriuw Kabel Noord yn Dokkum pleatst fjouwer webcams yn natuergebieten yn de omjouwing. Twa dêrfan komme op de Waadeilannen te stean; foar de oare twa wurdt noch in plakje socht yn it Lauwersmargebied.
Op Amelân komt de kamera yn natuergebiet it Oerd en op Skier by de Westerplas. De bylden komme op ynternet te stean fia bygelyks de VVV en wurde fia it ynformaasjekanaal fan Kabel Noord ferspraad.