Feiling Mancadans op 19 april

ien fan de Mancadans
By feilinghûs Christy's yn New York wurde 19 april twa skilderijen fan Mancadan feild dy't earder yn it Fries Museum hongen. It iene skilderij moat tusken de 25- en 35.000 dollar opbringe, it oare tusken de 70.000 oant in ton.
Beide skilderijen toane geiten yn in berglânskip. De skilderijen fan de 17e ieuske lânskipsskilder Jacobus Mancadan út Minnertsgea binne july ferline jier út it Fries Museum helle.