Schrijver by VV Snits wei

© Omrop Fryslân
Trainer Hans Schrijver giet fuort by sneinshaadklasser Snits. Oan de ein fan it seizoen geane se útinoar. De sportive ambysjes fan Schrijver kinne net ynfold wurde troch de club.
Earder makke Schrijver ek al bekend dat hy fuort soe by Snits. Hy woe doe besykje in baan yn it betelle fuotbal te krijen. Dat slagge net en dêrom is it kontrakt mei Snits dochs ferlingd. It is noch net bekend wa't Schrijver opfolgje sil.