Betingsten gebou by Aldehou

© Omrop Fryslân
De bebouwing op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert mei maksimaal 12 meter heech wêze. Dat binne fjouwer ferdjippingen. Op it plein is romte foar in gebou mei in moderne, hjoeddeiske en transparante útstrieling. Dat skriuwe B&W yn in brief mei rânebetingsten oer de bebouwing fan it Aldehoustertsjerkhôf.
It gebou moat sawol oerdei as jûns iepen wêze foar publyk. Moandeitejûn praat in kommisje der fierder oer.