Mooglik yllegale ferhier hûzen

© Omrop Fryslân
Der binne yn Ljouwert 240 hûzen dêr't de gemeente fan tinkt dat se yllegaal bewenne wurde troch studinten. Dat stiet yn in nota dêr't de gemeente it keamerferhierbelied yn evalueart.
Der sil ekstra kontrôle komme op dizze wenten. Fierder komt der in rem op in tal studintewenningen yn wiken dêr't no al in soad ferhierd wurdt. Dat giet om wiken dêr't 70 persint fan de wenningen ferhierd wurdt, lykas Bilgaard en Heechterp.