V1-rakettank ontploft op Skier

02 apr 2007 - 10:07

Op Skiermûntseach is sneintemiddei in fleantúchtank fan in V1-raket oanspield. Dat gebeurde tusken peal 7 en peal 8. It strân waard ofsetten troch de plysje, omdat tocht waard oan in bom of in seemyn. De plysje hat dêrnei eksperts fan de de Keninklike Marine ynskeakele.

Yn de tank sieten mooglik brânbere stoffen. De tank is dêrom troch de eksperts fan de marine ta ûntploffing brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)