Wolle jo in Fryske plaknamme?

02 apr 2007 - 09:58

De gemeente Ljouwert freget de ynwenners fan de doarpen oft sy der wat foar fiele soene as har plaknamme offisjeel Frysk wurde soe. De ynwenners fan de doarpen Snakkerbuorren, Himpens/Tearns en Wurdum hawwe dêroer in brief yn de bus krigen. Mei in antwurdstrypke kin se oanjaan oft se al of net wolle dat de namme ferfryske wurdt.

De gemeente hifket de bewenners om't in nammeferoaring frij djoer is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)