Deade frou fûn yn wetter Snits

© Omrop Fryslân
Yn it wetter fan de Woudvaart yn Snits is snein it stoflik omskot fan in 57-jierrige frou út Dorsten yn Dútslân fûn. De frou wie mei in 59-jierrige man oan board fan in motorskip.
De man skeakele de helptsjinsten yn doe 't de frou sneintemoarn net weromkaam fan in jûntsje op stap. De man is oanhâlden troch de plysje. Dûkers ha it wetter rûnom de boat ûndersocht. De plysje hat in resjerzjeteam op de saak set.