Fjirde plak Lieuwe Westra

01 apr 2007 - 22:11

Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein is snein fjirde wurden yn de 'Omloop van de Glazen Stad'. Nei 166 kilometer waard yn Kwintsheul troch in kopgroepke fan fjouwer de einsprint ynsetten. De oerwinning gong nei Bram Schmitz, foar Roy Curvers en Arnoud van Groen.

Foar Lieuwe Westra betsjutte it dat hy foar de fjirde kear dit seizoen yn in klassiker by de bêsten einige. It wachtsjen is no op de earste oerwinning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)