Húsfredebreuk yn Wolvegea

01 apr 2007 - 15:02

De plysje hat yn de nacht nei snein yn in hotel oan de Atalanta yn Wolvegea in ynwenner (52) fan Helmond oanholden foar húsfredebreuk. De man woe it hotel, nettsjinsteande it fersyk fan de behearder, net ferlitte. De behearder skeakele de plysje yn.

De fertochte hearde by in groep dy't har yn de saak misdroegen hie. De man is oanholden en foar ferhear nei it plysjeburo oerbrocht. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)