Mishanneling yn Ljouwert

01 apr 2007 - 14:56
  • It slachtoffer is troch hoarekapersoniel nei de earste help fan it MCL brocht.

De plysje hat yn de nacht nei snein yn in disko oan de Nijstêd yn Ljouwert in ynwenner (36) fan dat plak oanholden op fertinking fan mishanneling fan in plakgenoate (27). De man hie de frou mei in glês op de holle slein en dêrnei de disko ferlitten.

It slachtoffer is troch hoarekapersoniel nei de earste help fan it MCL brocht. De fertochte is letter op it Aldehoustertsjerkhôf oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)