Diskusje ûndersyk Fryske bern

Anita Andriesen makket har lilk oer it ûndersyk
In soad Fryske bern groeie op yn in efterstânssituaasje. Dat komt troch it 'Frysk eigene' fan 'doch mar gewoan, dan dogge je al gek genôch'. Dat is de konklúzje fan de ûndersikers Kees Verhaar en Yvonne van Westering.
Ofrûne sneon diskusjearren de ûndersikers mei de oanwêzigen by it sympoasium foar âld-direkteur Lammert Jansma fan de Fryske Akademy. Foaral deputearre Anita Andriesen toande har lilk oer dit ûndersyk.