'Mear minsken út bystân helje'

01 apr 2007 - 12:09

Gemeenten moatte mear doarre om minsken út de bystân te krijen. Dat sei steatssekretaris Ahmed Aboutaleb fan Sosjale Saken sneontejûn by de offisjele start fan it projekt Niemand Buitenspel op It Hearrenfean.

By dat projekt biedt Sportklub Hearrenfean in groep wurkleaze minsken help by it finen fan in baan. As gemeenten har mear ûndernimmend opstelle, dan kinne der folle mear minsken oan wurk holpen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)