ONS ferliest thús fan ACV

ONS koe it net winne van ACV...
Sneonshaadklasser ONS hat thús mei 3-1 ferlern fan ACV. By it skoft wie de stân noch 0-0. De Snitsers krigen wol de bêste kânsen yn de wedstriid, mar ACV naam in 0-2 foarsprong troch goals fan Arie Rozema en Ruud Jalving.
Rudy Mann makke der krekt foar de ein noch 1-2 fan, mar yn de blessueretiid bepaalde Martin Bloem de einstân op 1-3. Troch de oerwinning nimt ACV it twadde plak oer fan ONS.