Hannelsmissy docht fertuten

31 mrt 2007 - 16:16

Sineeske bedriuwen ha 70.000 euro yn Fryslân ynvesteard. Dat komt troch de hannelsmissys dy't de provinsje twa kear hâlden hat nei de Sineeske regio Sichuan. Ien Frysk bedriuw hat in oarder krigen fan in miljoen euro.

Deputearre Steaten jout hjirmei antwurd op fragen dy't de steatefraksje fan it CDA steld hie. It projektburo dat Fryslân yn Sichuan hat, krijt noch oant ein 2008 subsydzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)