Mishanneling yn Surhústerfean

31 mrt 2007 - 14:42

Yn Surhústerfean hat de plysje sneontenacht in man (24) oanhâlden foar it mishanneljen fan in man (25) fan de Harkema. Se krigen spul wêrnei't Feanster it slachtoffer tsjin de grûn sloech. Doe't it slachtoffer dêrnei yn syn auto fuortride woe, waard syn portierrút fernield.

De fertochte koe oanhâlden wurde. Wat de oanlieding fan de mishanneling en fernieling wie, is net dúdlik. De plysje sil tsjûgen hearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)