Hearrenfean hellet Drost werom

© Omrop Fryslân
Sportclub Hearrenfean hellet Henrico Drost takom seizoen werom by de seleksje. De ferdigener wurdt op dit stuit ferhierd oan Excelsior. Dêr hat Drost in basisplak en spile hy dit jier al 25 wedstriden.
Fierder binne de kontrakten fan de beloften Robbert Maruanaya en Oguzhan Turk ferlingd. Beide talinten binne in jier langer ferbûn oan de club.