CDA wol ein oan drankmisbrûk

© Omrop Fryslân
It CDA Fryslân wol mei in spesjaal projekt drankmisbrûk ûnder jongeren oanpakke. Dêrby moatte bestjoerders en helporganisaasjes mei-inoar gearwurkje.
De partij wol dat âlden har bern bettere foarljochting oer alkohol jouwe. Dêrneist soe der stranger kontroleard wurde moatte op de ferkeap fan alkohol oan jongeren ûnder de 16 jier yn winkels, kafees en sportkantine's.