Winst foar Cambuur

Koen Brack soarge foar winst by Cambuur
Cambuur Ljouwert hat freedtejûn wûn mei 2-1 van VVV-Venlo. De trije punten moasten fier wei komme. Al nei seis minuten stie de 0-1 op it skoareboerd. Cambuur krige noch wol wat kânskes, mar yn de earste helte waard net mear skoard.
Yn de twadde helte wie dat lykwols oars. Earst skoarde Jason Trommel de gelykmakker. Mei in prachtige goal bepaalde Koen Brack de einstân op 2-1.