Sulver foar Stroetinga

© Omrop Fryslân
Wim Stroetinga had freedtejûn in sulveren medalje helle by it ûnderdiel scratch op it WK baanhurdfytsen. Yn dizze wedstriid oer 60 ronden wie allinnich Kam-Po Wong út Hongkong rapper.
Wong naaide út op njoggen ronden fan de ein. Stroetinga hie wol in sterke einspurt mar it gat wie te grut en dus moast de Aldeberkeaper it dwaan mei it foar him teloarstellende twadde plak.