Nij fytsrûtenetwurk yn 'e maak

© Omrop Fryslân
Krekt as it noardwesten fan Fryslân krijt it súdeasten syn eigen fytsrûtenetwurk fan de ANWB. Op 155 plakken yn de gemeenten East- en Weststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân en Hearrenfean set de organisaasje op knooppunten fan fytspaden buorden del. Fytsers kinne ferfolgens sels in rûte útstippelje tusken twa of mear fan dy buorden.
It doel is dat it fytsrûtenetwurk mei de Pinksterdagen klear is.