Brillen foar Cuba

30 mrt 2007 - 16:36

Op Cuba rinne al 20.000 minsken om mei in bril út Fryslân. In stichting op De Lemmer sammelt al tsien jier brillen yn en stjoert se dêr hinne. Freed krige de stichting Cuba Care in pear doazen mei 1600 brillen. Dianne Hofstee hie se ynsammele fia it televyzjeprogramma De Club van Honderd.

Neist medyske apparaten en bêdeguod binne knuffels ek tige wolkom yn de sikehuzen op Cuba.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)