Yllegale asylsikers melde har

30 mrt 2007 - 16:06

Hieltyd mear Fryske asylsikers dy't yllegaal yn Nederlân binne, melde har by it Monitorsintrum Fryslân. Dit sintrum hâldt alle gegevens by fan de asylsikers dy't op dit stuit yn de opfangsintra sitte.

It giet om flechtingen dy't foar 1 april 2001 yn Nederlân kamen. Troch har wer te registrearjen, hoopje se yn de beneaming te kommen foar in ferbliuwsfergunning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)