Ambachten yn Jouster museum

30 mrt 2007 - 14:08

It museum op De Jouwer wol mei âlde ambachten besykje om mear subsydzje te krijen. It museum sit al wat langer mei in finansjeel tekoart. Se krije gjin provinsjale subsydzje.

Troch mear te dwaan mei âlde ambachten, kin it museum wol foar sa'n provinsjale bydrage yn de beneaming komme. Der wurdt tocht oan in klokkejitterij. Mooglik kin it museum ek in rol krije by it oplieden foar klokkejitter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)