Stroetinga favoryt op WK

30 mrt 2007 - 10:54

Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap docht freed mei oan it WK op de baan. Op it ûnderdiel scratch is er ien fan de favoriten. Dit seizoen ried er twa wrâldbekerwedstriden. Dêrby helle hy twa kear in medalje.

By de lêste wrâldbeker yn Manchester wie er siik. Om't it dielnimmersfjild hiel sterk is, fynt Stroetinga it lestich yn te skatten hoe't syn kânsen lizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)