Stoflik omskot is Willy Wester

It stoflik omskot dat de plysje tiisdei fûn by it hûs fan Willy Wester út Ljouwert is fan de fermiste frou. Dat hat justysje freed befestige. Se is troch geweld fan bûten ôf om it libben brocht. Dat hat seksje útwiisd. Hoe't dat bard is, wurdt yn ferbân mei it ûndersyk noch net bekend makke.
Willy Wester (48) wie sûnt 10 maart fermist. Har man sit al in wike fêst. Hy wurdt fertocht fan belutsenheid by it misdriuw.