Ekstra ûndersyk nei gaswinning

30 mrt 2007 - 09:52

Wethâlder Miedema fan de gemeente Frjentsjerteradiel is tefreden oer it petear oer de gaswinning ûnder Frjentsjer. Nei oerlis mei it ministearje fan Ekonomyske Saken en de provinsje is besluten de gaswinning net stop te setten. De boaiumdelgong is minder slim as earder sein waard.

Der komt ekstra ûndersyk. As alle sifers bekend binne, komt der in ynformaasjejûn foar de bewenners fan Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)