Tiisdei advys nij kolleezje

Ynformateur Hylkema
Ynformateur Hylkema komt tiisdei mei in advys oer hoe't it nije kolleezje fan Deputearre Steaten der útsjen moat. Hylkema skriuwt syn advys de kommende dagen, neidat er dizze wike foar de twadde kear praat hat mei alle partijen dy't yn Provinsjale Steaten keazen binne.
Hylkema ljochtet syn advys tiisdei ta yn in iepenbiere gearkomste yn it provinsjehûs. It advys ferskynt ek op de webside fan de provinsje.