De Kast hast útferkocht

29 mrt 2007 - 15:28

It earste konsert fan de Fryske band De Kast yn âlde besetting is hast útferkocht. Dat konsert sil kommende sneon wêze yn Roden yn Drinte. Der kinne sa'n 1200 minsken yn de seal.

De oare Fryske sukses-formaasje dy't wer by-ekoar is, Twarres, hat ek in earste konsertdatum stean. Dat stiet pland foar healwei maaie yn de tsjerke fan Wergea. Foar dat konsert binne no de helte fan de kaarten sawat fuort, sa'n 150 stiks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)