Wurksumheden Wâldwei

In brêgeklep wurdt oanbrocht
Woansdei en tongersdei wurdt by de Fonejachtbrêge op de Wâldwei by Garyp drok wurke oan it oanbringen fan brêgekleppen yn de súdlike brêge. It wurk wurdt útfierd mei twa grutte hyskranen en in driuwende bok.
De súdklep is bedoeld foar de Stûkenwei yn de rjochting fan Warten en foar in fytspaad. Yn 2008 moat de ferdûbeling fan de Wâldwei klear weze. Mar sa't it no liket kin de dyk ein 2007 al oplevere wurde.