Blokride op rotonde De Jouwer

29 mrt 2007 - 13:44

Blokriden is de bêste oplossing foar lange files by de rotonde fan De Jouwer. By blokriden rydt in auto fan rykswettersteat rûntsjes op 'e rotonde en hâldt in fêste snelheid fan 50 km de oere oan. Dat hellet de snelheid út it ferkear op 'e rotonde, wêrtroch't automobilisten yn de drokke spits earder de rotonde op ride kinne.

Blokriden is allinich nedich yn de spits en bart op wurkdagen tusken 7 en 9 oere moarns en 4 en 9 oere jûns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)