Oanranding yn Kollumersweach

© Omrop Fryslân
In 34-jierrige frou út Kollumersweach is tiisdei oan de ein fan 'e middei it oanrand. De frou kuiere mei har dochterke op It Boskloantsje yn Kollumersweach. Se kaam de fertochte tsjin en even letter wer. De man pakte it slachtoffer fêst en siet oan har.
De fertochte is tusken de 20 en 30 jier en 1.80 meter lang. Nei de oanranding ried de man fuort yn in ljochtgrize auto. De auto stie oan de Ganzingawei. De plysje siket tsjûgen.