Doarpshûs Berltsum ticht

© Omrop Fryslân
Doarpshûs It Heechhout yn Berltsum giet ticht. Fanwege de ôffallende besikersifers en de minne finansjele situaasje hat it bestjoer besletten om der mei yngong fan 1 juny mei op te hâlden. De ferienings dy't no gebrûk meitsje fan it doarpshûs sille utwike moatte nei oare iepenbiere gebouwen yn Berltsum.
De stifting It Heechhout is no yn petear mei de gemeente Menameradiel oer it symboalysk werom keapjen.