Oanhâldings foar fernielings
Oan de Voorstreek yn Dokkum hat de plysje woansdei trije jonges fan trettjin en fjirtjin jier oanhâlden. De trije binne oanhâlden foar fernielings oan in wente oan de Voorstreek.
De lêste moannen wie de wente regelmjittich it doel fan fandalisme. Oanlieding fan de fernielings binne swierrichheden tusken de 58-jierrige bewenner en de jongerein.