Omrin moat plannen wer hifkje

It ûntwerp fan de ôffaloven yn Harns
De provinsje wol dat Omrin nochris sjocht nei de Wierde yn Aldehaske as festigingsplak foar de grutte oven dy't de ôffalferwurker bouwe wol. De provinsje moat de miljeufergunning ôfjaan foar de reststoffensintrale. Dêrfoar moat Omrin de gefolgen foar it miljeu yn kaart bringe. De provinsje wol witte wêrom't Omrin de kar makke hat foar Harns, en net foar De Wierde.
Omrin moat ek melde wat it fuortfallen fan Frisia Sâlt as klant betsjutte soe.