Winst Snits en Harkemase Boys

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits en sneonshaadklasser Harkemase Boys treffe inoar yn de heale finale fan de noardlike amateurfuotbalbeker. Snits wûn woansdeitejûn mei 4-0 fan Nieuw Buinen, Harkemase Boys wie mei 7-1 fierstente sterk foar ONT fan De Pein. In oare Fryske haadklasser rêde it net op: ONS Snits ferlear mei 4-2 op it keunstgers fan Be Quick 1887 yn Haren.
Snits en Harkemase Boys dogge no ek mei oan it grutte KNVB bekertoernoai.