Ferdieldheid oer dykblokkade

© Omrop Fryslân
Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel is it net iens mei it beslút fan Menameradiel om de dyk tusken Dronryp en Winsum te blokkearjen. Meiwurkers fan in befeiligingsbedriuw stjoere dêr autobestjoerders werom, om slúpferkear foar te kommen no't der wurke wurdt oan de grutte dyk nei Winsum.
Neffens Liemburg is Littenseradiel foar it blok set en wurdt it probleem sa allinnich mar ferpleatst.