Skarsterlân keapet put

© Omrop Fryslân
De gemeente Skarsterlân wol de eardere sânwinput by Aldehaske keapje. De gemeenteried hat juster besluten 151.000 euro beskikber te stellen foar de oankeap.
It is noch net bekend wat Skarsterlân mei de put dwaan sil. De gemeente sjocht it as in lanskiplik strategyske oankeap. Inkelde stikken grûn om de âlde sânwinput hinne, binne al yn it besit fan de gemeente.