Twadde Frysk dialysesintrum

28 mrt 2007 - 22:08

Fryslân krijt in twadde nier-dialysesintrum. By sikehûs De Tsjongerskâns op it Hearrenfean is woansdei de earste peal slein foar it nije sintrum Súdhaghe. Dat moat yn oktober fan dit jier al wurkje.

Nierpasjinten koene oant no ta allinnich mar yn Ljouwert te plak. Foar minsken út it suden fan de provinsje is Hearrenfean no folle tichter by. De measten moatte trije kear wyks fiif oeren spiele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)