Undernimmers nei Hamburch

28 mrt 2007 - 17:31

Fryske ûudernimmers sille tongersdei mei CdK Ed Nijpels nei it Dútske Hamburch. It doel is om dêr op bestjoerlik en ekonoamysk terrein kontakten te lizzen mei de Noard-Dútske kollega's. Nijpels hopet dat de kontakten úteinlik liede ta mear wurkgelegenheid foar Fryslân. Neist Fryslân dogge ek Grinslân, Drinthe en Oerisel mei oan de besite.

Yn totaal prate sa'n 250 Nederlânske en Dútske ûndernimmers mei-elkoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)