Stedswachten kinne bliuwe
Yn Noardeast Fryslân bliuwe doarps- en stedswachten oan it wurk. Dizze minsken soene harren baan op 1 july kwyt wêze. Dan rint it projekt ôf wêrbinnen de doarpswachten wurkje. De gemeenten yn Noard East Fryslan wolle it projekt lykwols trochsette. De gemeente Boarnsterhim wol him dêr noch by oanslúte.
Troch it projekt binne 11 wurkleazen oan in fêste baan holpen.