Bedriuweterrein wurdt feiliger

© Omrop Fryslân
Ynbrekkers krije it dreger by bedriuwen yn Snits. Undernimmers op de bedriuwen 't Ges, Houkesleat en De Hemmen yn Snits hawwe dêr mei-elkoar ôfspraken oer makke. Sy wolle mei de plysje, brânwacht en de gemeente it karmerk feilich ûndernimmen helje.
Tiisdei wie in gearkomste foar de bedriuwen. Dêr kamen 60 ûndernimmers op ôf. Snits is de fjirde gemeente yn Fryslân dêr't wurke wurdt oan it karmerk feilich ûndernimmen.