Oar plak foar Fetter-monumint

It monumint foar Manuel Fetter krijt in oar plak
It monumint fan Manuel Fetter by de Waag yn Ljouwert krijt in oar plakje. De neibesteanden en freonen fan de yn 2004 fermoarde Ljouwerter wienen net tefreden.
It monumint waard brûkt as fytserek en hingplak. De gemeente wie it dermei iens dat it net goed stie. Der is noch efkes tocht om it monumint by dat fan Meindert Tjoelker te pleatsen, mar dat woe de famylje net. Woansdei wurdt it ferhúze nei de oare kant fan de Waag.