Nije spilers Harkemase Boys

© Omrop Fryslân
Sneonshaadklasser Harkemase Boys is drok dwaande om de seleksje foar takom seizoen klear te krijen. Tiisdei waarden twa nije spilers oanlutsen. Ronald van der Heijden is in 21-jierrige ferdediger dy't no noch yn it belofteteam fan de FC Grins spilet. Edwin Drenth is in 26-jierrige spits dy't no foar earste klasser Nieuw Buinen útkomt.
Marc Hegeman ferlit de Boys, hy spilet takom seizoen foar WKE.