Lichem fûn by hûs fermiste

By en yn it hûs is wiidweidich spoarenûndersyk dien
Ticht by de wente fan 'e fermiste Willy_Wester is in stoflik omskot fûn. It lichem lei yn in stik gemeentlik grien. De plysje docht al dagen lang ûndersyk nei de ferdwining fan de frou út 'e Ljouwerter wyk Camminghabuorren.
Frou Wester (48) wurdt sûnt 10 maart fermist. Chatters sloegen alarm doe't se net mear op ynternet ferskynde. Har man (66) is oanhâlden op fertinking fan moard. Tongersdei of freed jout de plysje dúdlikens oer de saak.