'Keunstgers Cambuur net goed'

It keunstgersfjild fan Cambuur fan tichtby
It keunstgersfjild fan Cambuur giet der ein dit seizoen út. It fjild foldocht net mear oan 'e easken, sa docht bliken út ûnôfhinklik ûndersyk. De spilers fine it fjild ek te hurd. Dêrtroch stuitet de bal te heech op en rôlet er ek te hurd. Boppedat binne guon naden losrekke.
It keunstgers leit der no 3,5 jier en it soe tsien jier meikinne. Mooglik wurdt it hiele fjild ferfongen troch nij keunstgers of gewoan gers.