Merke Berltsum op oar plak
De merke yn Berltsum moat op in oar plak komme. Dat wol de merkekommisje yn it doarp graach. De merke is no alle jierren yn it sintrum fan it doarp. Fan dizze simmer ôf moat dat de sportfjilden wurde.
Mei de ferpleatsing komt de merke tichter by de keatsfjilden te lizzen. Yn 'e sportkantine is tiisdeitemiddei in foarljochtingsgearkomste oer de plannen.